Earste peal foar nijbou katolike skoalle De Sprong yn Ljouwert

11 jan 2019 - 20:22

Yn de Ljouwerter wyk De Súdlannen is freedtemiddei de earste peal slein foar de nijbou fan katolike basisskoalle De Sprong. It gebou is geskikt foar 360 learlingen.

Der is lang op wachte, want it earste gebou yn De Súdlannen, dêr't mear skoallen by elkoar sieten, wie al lang oan de krappe kant.

It moat no earst dien wêze mei dy romteproblemen, seit ferantwurdlik wethâlder Hilde Tjeerdema: "De wyk groeit as koal. Dit is takom jier klear en dan kinne alle bern hjir foarearst terjochte."

De ferwachting is dat it tal learlingen yn de wyk de kommende jierren noch foars tanimme sil.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn De Súdlannen

(advertinsje)