Reparaasje spoar dreech, seis licht ferwûnen by oanriding trein yn Ljouwert

In trein fan Arriva hat freedtejûn om acht oere hinne yn Ljouwert in frachtwein oanriden. Dêrby binne fjouwer treinpassazjiers licht ferwûne rekke. Ek de treinmasjinist en de frachtweinsjauffeur binne ferwûne, mar sy hoegden net nei it sikehûs. Yn de tank fan de frachtwein sieten gjin gefaarlike stoffen, mar molkepoeier. De oanriding barde yn de buert fan de befeilige spoaroergong op de Pieter Stuyvesantwei, by it terrein fan FrieslandCampina.
treinungelok
It treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp leit stil. Der wurde bussen ynset om reizgers dochs op harren bestimming te krijen.

Net samar klear

Nei alle gedachten binne de problemen net samar oplost. Neffens in wurdfierder fan ProRail moat de folsleine oerweiynstallaasje ferfongen wurde. Ek is de trein foar in part ûntspoard. Om't dy tsjin it perron oan leit en der net folle romte is, wurdt it noch in flinke put om de trein te ferpleatsen.
Hoe't de oanriding krekt barre koe, is noch net dúdlik. De plysje ferwachtet net dat dat freed al bekend wurdt. Ek spoarbehearder ProRail is oan it ûndersykjen, dêrneist is ek de ILT, de Inspectie Leefomgeving en Transport, oanwêzich. Op it tiidstip fan de oanriding sieten der neffens Arriva inkelde tsientallen minsken yn 'e trein.

Oanholden

De treinmasjinist en de frachtweinsjauffeur binne oanholden om heard te wurden.