Knegt sjocht út sikehûsbêd wei nei EK shorttrack

Sjinkie Knegt hat de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack net oan him foarby gean litten. De Bantegeater hat út syn sikehûsbêd wei yn Grins meisjoen fia in livestream. "Het is fijn dat hij zo betrokken is", sei Wilf O'Reilly, dissiplinemanager shorttrack by reedrydbûn KNSB, freed yn Sportboulevard Dordrecht, dêr't it EK holden wurdt.
© ANP
De sitewaasje fan Knegt, dy't tongersdei foarse brânwûnen oprûn doe't er thús in houtkachel oanstuts, is yn ferliking mei earder op freed net feroare. "Hij is stabiel", seit O'Reilly, dy't de wurdfiering oernommen hat fan Jeroen Otter. De bûnscoach wol him dit wykein fierder konsintrearje op de sportive prestaasjes op it EK.
"Sjinkie stuurt af en toe aan appje", seit O'Reilly. "Dat geeft het team hoop en een 'boost'. We zijn professionals. We leven mee met Sjinkie, maar focussen ons ook op de prestaties."

"We gaan rijden voor Sjinkie"

By de Nederlânske shorttrackploech kaam it nijs tongersdei hurd oan. "Het was heel erg heftig om te horen. We zijn behoorlijk aangeslagen", sei Olympysk kampioene Suzanne Schulting, dy't har freed, lykas de oare Fryske shorttrackers, op alle ôfstannen foar de folgjende ronde pleatste en mei de efterfolgingsploech de heale finalen berikte. "Als team hebben we gezegd: we gaan rijden voor Sjinkie. Sjinkie wil ook dat we doorgaan en niet ons hoofd laten hangen."