Fryske shorttrackers troch nei kwart- en heale finales

11 jan 2019 - 19:31

De Fryske shorttrackers ha freed alle foarronden oerlibbe. De moarn diene se dat al op de 500 en 1500 meter, freedtejûn gong it ek goed: Suzanne Schulting, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma gongen op de 1000 meter ek troch nei de kwartfinale. Ek op de ploege-efterfolging wie der sukses.

Tineke den Dulk en Suzanne Schulting op de ploege-efterfolging - Foto: Orange Pictures

1000 meter

Op de 1000 meter hie Schulting gjin problemen. Se wûn har foarronde mei gemak en giet dus troch nei de kwartfinale. Dêryn moat se it snein ûnder oaren opnimme tsjin Elise Christie en Martina Valcepina.

Breeuwsma like it troch in minne start dreech te krijen yn syn foarronde, mar de Akkrumer ried hiel kontrolearre nei in twadde plak en dat wie genôch foar in plak yn de kwartfinale. Dêryn slagge ek De Laat. Mei tank oan twa moaie ynhelaksjes ried de Ljouwerter nei it earste plak en dus mei ek hy snein de kwartfinale ride.

Earder freed pleatsten Schulting, Breeuwsma en De Laat harren ek al foar de folgjende rondes op de 500 en de 1500 meter.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

Ploege-efterfolging

De Nederlânske froulju rieden mei trije Friezinnen. Schulting en Rianne de Vries hearre by de fêste nammen, mar yn dizze kwartfinale mocht ek Tineke den Dulk fan Ljouwert ride. It betsjutte har debút op in Europeesk kampioenskip. It waard in goed debút, want de Nederlânske froulju rêden it maklik op en kamen as earste oer de finish, foar Frankryk, Poalen en Kroäsië. Sneontemiddei ride se de heale finale.

De manljusploech bestie yn dizze efterfolging út in folslein Frysk team. Njonken Breeuwsma en De Laat rieden ek Dennis Visser fan De Lemmer en Jasper Brunsmann fan Twellingea. Brunsmann makke syn debút op it EK. Nederlân ried op de helte by de konkurrinten wei en hie in heale ronde foarsprong op nûmer twa Poalen.

(advertinsje)
(advertinsje)