Ljouwerter teäter krijt namme 'Zalen Schaaf' wer op de gevel

11 jan 2019 - 19:15

It histoaryske City Theater Schaaf yn Ljouwert kriget syn orizjinele namme Zalen Schaaf werom. Dat seit ponghâlder Simon Ferwerda fan de stichting Vrienden van Schaaf. Neffens him is dy namme it meast bekend yn Fryslân. Earder waard ek de namme 'Muziekcentrum Schaaf' brûkt, mar dy rekke nea ynboargere.

Foto: Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan

De stichting is op it stuit mei frijwilligers dwaande om it teäter in lytse opknapbeurt te jaan. Dêrby wurde alle stikkene lampen ferfongen, de skurve doarren wurde skildere en de fergiele muorren wurde wer wyt makke. Ek wurdt it teäter hielendal himmele. "En de âlde namme moat wer op de gevel", sa seit Ferwerda. "De ljochtbak oan de bûtengevel moat ek makke wurde."

Vrienden van Schaaf

De opknapbeurt oan de binnenkant wurdt hielendal betelle troch de donateurs fan Vrienden van Schaaf. Dizze stichting waard oprjochte om it teäter te rêden fan sloop. De gemeenteried bepaalde ein ferline jier dat it gebou foarearst stean bliuwe mei. Der komt in priisfraach om te bepalen wat der fierder mei dien wurde kin.

Foarearst bliuwt it teäter noch in jier iepen. Der is in nije eksploitant fûn dy't soargje moat foar nije aktiviteiten. Sa binne der al optredens oankundige fan de band My Brainbox, mei de ferneamde gitarist Jan Akkerman en tributebands as Queen Mania en The Beatles Revival Band.

In lange skiednis

Zalen Schaaf is ien fan de âldste teätersealen fan it lân, de skiednis giet werom oant 1797. Yn ien fan de - yntusken net mear besteande - sealen learde Mata Hari it dûnsjen. De foarsjenningen yn it teäter binne lykwols bot ferâldere. De stookkosten binne heech. Yn opdracht fan de stichting is yntusken in plan makke om it teäter enerzjyneutraal te meitsjen. De kosten dêrfoar wurde rûsd op oardel ton. It plan wurdt ynkoarten foarlein oan de eigener fan it gebou, de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)