Frysk wynbrekgaas dat fûgelgryp tsjinhâldt is hiel effektyf

11 jan 2019 - 18:43

In spesjaal gaas dat ûntwikkele is troch de Fryske hinneboer Hazenberg fan Abbegea is in hiel effektyf middel tsjin fûgelgryp. Dat docht bliken út ûndersyk troch in bistesûnensynstitút. It gaas is sa makke dat it focht fan bûten út de stal hâlde moat. Dat hâldt neffens de ûndersikers 90 persint fan it firus tsjin.

It gaas op de pleats fan de famylje Hazenberg - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Hazenberg hat it gaas tegearre mei syn frou betocht neidat se yn 2016 sels troffen waarden troch de fûgelgryp. Doe waarden mar leafst 63.000 hinnen romme. Neffens Hazenberg waard it firus doe ferspraat troch focht yn de lucht. Sa is it ek by syn bedriuw binnenkaam.

"Dan kinne je de handoek yn de ring goaie, mar wy binne op syk gong nei in oplossing. We hawwe fan ferskate leveransiers gaas besteld en hawwe dy ien foar ien úttest. Ik gie oan de iene kant sitten en myn frou oan de oare mei in stoomapparaat. En sa ha we besjoen hokker gaas oft it focht it beste tsjinhâldt."

De famylje Hazenberg hat it gaas eins al hast twa jier ferlyn betocht, mar pas no hat de metoade ek in offisjele stimpel krigen. Hazenberg hopet dat no ek oare boeren der fan profitearje kinne. Hy sil it gaas yn de merk sette, mar hoecht der net ryk fan te wurden. "Ik doch it foar de sektor en hoopje minsken te besparjen wat wy yn 2016 mei makke ha."

Hin achter glês - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Hazenberg hopet ek dat, trochdat de kâns op fûgelgryp no ôfnimt, de priis fan de fersekering tsjin de sykte omleech kin. "Dy leit no op hast twa dûbeltsjes it hin. Dat is foar in soad boeren in hiel soad jild. Dat kin neffens my hjirmei wol nei ûnderen."

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)
(advertinsje)