Antoinette de Jong: "It sjocht der goed út, mar ik bin der noch net"

"It giet oant no ta hiel goed, dêr bin ik tige wiis mei en hooplik ryd ik moarn ek noch hiel rap!" Dat sei reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum freed nei har twa kreaze oerwinningen op it iis yn it Italiaanske Collalbo. Nei de earste dei fan it EK allround giet se stevich oan de lieding fan it klassemint.
© ANP
De 23-jierrige De Jong sette nei de 500 meter fuortendaliks Ireen Wüst en Martina Sáblikóvá, har twa grutste konkurrinten, op efterstân. "Ik ried sawat in persoanlik rekôr, dat hie ik net ferwachte."

Foarsprong yn klassemint

Ek nei de 3.000 meter, dêr't se krekt wat rapper wie as Sáblikóvá, hold de Friezinne har foarsprong op de oare rydsters. "Der komt ek noch in twadde dei, mar it sjocht der goed út. Der kin noch fan alles barre, mar ik bin wiis mei dizze ritten."
Sneon stean de 1.500 meter en de ôfslutende 5.000 meter noch op it programma yn Collalbo. "Ik besjoch it foar eltse ôfstân", neffens De Jong. "Foar moarn haw ik yn elts gefal in goed gefoel, mar ik bin der noch net!"