Burgumer krijt ferbod om jûns leven te meitsjen

11 jan 2019 - 17:23

In 48-jierrige Burgumer mei fan de plysjerjochter nei acht oere jûns gjin leven mear meitsje. De man stie freedtemiddei yn de plysjerjochtbank om't hy syn buorlju it libben min makke. Neist it 'lawaaiverbod', krijt de man ek in algemien kontaktferbod. De man mei hielendal gjin kontakt ha mei syn buorlju.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Burgumer soe op de meast ûnmooglike mominten kabaal makke ha. Sa stie hy te matteklopjen as de bern fan de buorlju op bêd giene. Ek blaasde hy op in fluitsje en hy skold en flokte tsjin de buorlju.

It konflikt begûn neidat de buorlju yn de simmer fan 2016 in hage ferfongen hiene troch in sket. Neffens de fertochte hiene se dat net oerlein. De man hie sels dêrom de seage yn it sket set. Der hat er ek al foar foar de rjochter stien. De oare ynsidinten wiene dêrnei. De man mei no jûns gjin leven mear meitsje en hy mei ek gjin kontakt sykje mei syn buorlju.

(advertinsje)
(advertinsje)