Wetterskip fynt noch amper oanspield guod op de diken

11 jan 2019 - 16:31

Der is de ôfrûne dagen noch kwealik smoargens út de konteners fan de MSC Zoe oanspield op de Waadseediken. Dat seit Wetterskip Fryslân.

Foto: Bartele Boersma

It Wetterskip hat de ôfrûne dagen nei alle mominten nei heechwetter de diken kontrolearre. Der leit op guon plakken noch wol in soad lytse stikjes pypskom.

It Wetterskip bringt yn kaart wêr't it guod allegearre krekt leit en wêr't it ek echt opromme wurde kin. Dêrnei bliuwt it Wetterskip dwaande mei it oprêden, yn gearwurking mei it bedriuw BDS. In soad frijwilligers helpe dêrby. Hjir is it Wetterskip hiel bliid mei.

(advertinsje)