Kom yn de kunde mei de opfolger fan Ljouwert: Plovdiv

11 jan 2019 - 16:31

In delegaasje fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 ûnder lieding fan wethâlder Sjoerd Feitsma is ûnderweis nei de Bulgaarske stêd Plovdiv foar de offisjele iepening fan it kulturele haadstêdjier fan 2019. Plovdiv is mei sa'n 340.000 ynwenners de twadde stêd fan it lân en dêrnjonken in tige multykulturele stêd mei ûnder oare in Turkse, in Roma, in Joadske, Armeenske en Oekraynske minderheid. Plovdiv is de earste stêd fan it lân dy't him fan sneon ôf Kulturele Haadstêd fan Europa neame mei en dêr binne se tige grutsk op. Plovdiv dielt dy eare dit jier mei it Súd-Italiaanske Matera.

Keunstnerswyk 'Kapana' yn it sintrum fan Plovdiv is der al hielendal klear foar - Foto: Omrop Fryslân

Plovdiv hat it ôfrûne jier de ûntwikkelingen yn Ljouwert op de foet folge en keazen foar in biedwurd dat oan 'mienskip' tinken docht, nammentlik 'zajedno', oftewol 'mei-inoar' ('together'). De iepening fan it kulturele haadstêdjier bart op it sintrale plein yn de stêd yn de foarm fan twa kulturele manifestaasjes.

Autofrij

By it konsert 'Rodopa moetet Trasië' presintearje doarpen en mienskippen út de regio om Plovdiv hinne harsels mei muzyk en folkloare. De jûns is der in grut spektakelstik ûnder de namme 'We are all colours'. Op in ôfsletten autodyk is dêrfoar in poadium fan 30 meter fan fiif ferdjippingen boud. Mei-inoar sille sa'n tûzen minsken meiwurkje oan in foarstelling mei dûns en muzyk.

De folsleine binnenstêd fan Plovdiv wurdt foar dizze gelegenheid autofrij makke.

It logo fan Plovdiv 2019 - Foto: Omrop Fryslân

As Kulturele Haadstêd fan Europa hopet Plovdiv yn it foarste plak folle bekender te wurden, benammen yn West-Europa. As ien fan de âldste stêden fan Europa hat Plovdiv besikers dan ek in soad te bieden yn de foarm fan in klassyk amfyteäter, dat noch hieltyd brûkt wurdt, en kreas restaurearre âlde stedswiken, lykas keunstnerswyk 'Kapana'.

Dizze wyk wie in jiermannich lyn fertutearze, mar sit no fol hippe winkeltsjes, kafeetsjes en ythúskes en makket furoare as ien fan de meast 'coole' âlde stedswiken fan East-Europa.

Grutte ferskillen

Mar der binne ek skerpe kontrasten yn Plovdiv: de ferskillen tusken earm en ryk binne grut. Trije kilometer fan it stedssintrum leit de slim fertutearze arbeiderswyk Stolipinovo, dêr't mear as 30.000 Roma har thús hawwe yn útwenne flats.

De wyk is bot fersmoarge en de wurkleazens is heech. In gefolch fan diskriminaasje, sizze de Roma yn de wyk, mar de Bulgaren sjogge dat oars. As de Roma har skoalle ôfmeitsje, krije se deselde kânsen as eltsenien, is it offisjele stânpunt.

Kulturele haadstêd Plovdiv 2019 hat de ambysje om de 'kleau' tusken Bulgaren en Roma lytser te meitsjen en wol ek ferskate projekten útfiere yn de efterstânswyk. Moaie ideeën, mar de leafde tusken de Bulgaren en Roma fan Plovdiv is noch net hiel grut. Om de ferhâldings wer wat te normalisearjen, sil der hiel wat berchwetter troch de rivier de Maritsa streame moatte.

Romawyk Stolipinovo oan de râne fan Plovdiv - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Fryske delegaasje sil yn Plovdiv net allinnich it offisjele programma folgje, dat de gasthearen foar de oare kulturele haadstêden betocht hawwe. De Ljouwerters wolle ek sels om har hinne sjen om in yndruk te krijen fan de nije kulturele haadstêd.

Ek in Ljouwerter saak

It earmoedeprobleem wie de Ljouwerters ek foar de reis nei Bulgarije bekend. Se binne dan ek fan doel om de organisaasje fan Plovdiv 2019 te freegjen hoe't se ek de earme wiken fan de stêd by de kultuer belûke wolle. In kulturele haadstêd kin in earmoedeprobleem net oplosse, mar wol besykje om it besprekber te meitsjen en minsken mei-inoar yn kontakt te bringen, sa is it idee.

Mar it kommende wykein is der mear yn de Bulgaarske stêd te rêden as allinnich de offisjele iepening. Neffens de otterdokse kalinder wurdt it dit kommende wykein nijjier. De Roma fan Plovdiv fiere dan har eigen Romani nijjier as ynwenners fan de Kulturele Haadstêd fan Europa.

Sjoerd Feitsma oer de besite oan Plovdiv

(advertinsje)