Trije auto-ûngelokken yn in oere: Bûtenpost, Wolvegea en Ljouwert

Yn Bûtenpost, Wolvegea en Ljouwert rekken freedtemiddei meardere auto's yn in oanriding of fan de dyk. Earst rekke in bestelbus yn de sleat by Bûtenpost, doe rekke in auto by Wolvegea fan de dyk en yn Ljouwert wie in kop-sturtbotsing op de Grinzerstrjitwei.

Bûtenpost

Op de N355 by Bûtenpost is in bestjoerder mei syn bestelbus yn in sleat bedarre. Neffens de plysje moast de bestjoerder útwike en rekke er dêrtroch fan de dyk. De bestjoerder ramde in stek foardat er omkeard yn de sleat rekke. De plysje hat by it bergjen fan de auto de dyk ôfsletten foar it ferkear.

Wolvegea

Op de ôfrit fan de A32 by Wolvegea is freedtemiddei in automobilist fan de dyk rekke. Wylst de helptsjinsten dwaande wiene mei ôfhanneling fan it ûngelok, gong der in twadde automobilist troch deselde bocht.
De twa auto's kamen út de rjochting fan It Hearrenfean. Wêrtroch't de bestjoerders de macht oer it stjoer ferlearen, is net bekend.

Ljouwert

Op de Grinzerstrjitwei tusken de E10 en Ljouwert wie in kop-sturtbotsing. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Meardere ambulânsen en plysje-auto's wiene teplak. Der is ien persoan mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
It is net bekend oft der mear ferwûnen binne. De plysje hat de middelste rydstripe fan de Grinzerstrjitwei yn de rjochting fan Ljouwert ôfsletten foar it ferkear.