Cambuur start mei Jansen as basisspiler tsjin Sparta

11 jan 2019 - 16:21

Cambuur begjint snein de twadde kompetysjehelte mei de swiere thúswedstriid tsjin de nûmer trije fan de earste difyzje, Sparta Rotterdam. De ploech fan trainer René Hake hat begjin jannewaris in pear dagen op trainingskamp west yn Spanje. Dat wie in goed trainingskamp, seit Hake. "We hebben goeie dagen gehad. We hebben goed kunnen werken, met goed weer. We hebben veel getraind en een oefenwedstrijd kunnen spelen."

Yn de winterstop hat Cambuur middenfjilder Kevin Jansen oanlutsen. Jansen is ôfkomstich fan NEC, dêr't hy net mear oan spyljen takaam. Jansen begjint snein yn de basis en hy moat belangryk wurde foar Cambuur, seit Hake: "In onze groep is bewustwording van groot belang. Kevin Jansen weet waar het om gaat. Hij heeft eredivisie-ervaring. En hij kan het ook goed overbrengen op zijn ploeggenoten. Dat kan meehelpen."

Tûkelteammen oan Matías Jones

By Cambuur traint ek Matías Jones mei. Hy is ôfkomstich út Oeûuguay en hat ûnder oare spile by FC Grins. Hy wennet yn Grinslân. Op it stuit hat er gjin klup. Cambuur oerwaget ek him oan te lûken, mar neffens René Hake sitte der oan de komst fan Jones noch in oantal tûkelteammen.

Mathieu, El Baad en Schils fuort

Justin Mathieu is wer oanheakke by de seleksje fan Cambuur. Hy trainde freed net mei, omdat er de gryp hat. Mathieu waard ein 2018 foar de tredde kear dissiplinêr skorst en beide partijen hawwe oanjûn dat it better is dat sy út elkoar gean.

Neffens technysk manager Foeke Booy is der konkreet belangstelling foar Mathieu. In klup woe er net neame. Mathieu hat tastimming krigen om him foar syn nije klup medysk keure te litten. In oergong sit der dus wol yn. De nije klup fan Mathieu moat wol in transfersom betelje.

Ek Omar el Baad en Mathias Schils meie fuort. Ferdigener El Baad besiket it by in bûtenlânske klup en ek middenfjilder Schils mei útsjen nei in nije klup, seit Cambuur.

Opstelling

Trainer René Hake koe noch net de folsleine opstelling jaan. Spits Karim Rossi is siik; middenfjilder Mathias Schils hat in blessuere oan de boppeskonk en kin ek net spylje.

Ferwachte opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Schilder, Steenvoorden, Sambissa; Van den Beemt, Maulun, Jansen; Kallon, Robertha, Conraad (Van Kippersluis).

(advertinsje)
(advertinsje)