Proefkoloanje wol briedplak wurde foar sosjale en maatskiplike ynnovaasjes

De measte minsken sille Frederiksoard kinne as plak dêr't 200 jier lyn besocht waard om minsken út de earmoede te heljen. Earme minsken krigen dêr in pleatske, en mochten fee lease om sa in bestean op te bouwen. De proefkoloanje wol dit no op in moderne wize nij libben yn blaze: Frederiksoard moat in briedplak foar ynnovaasje wurde, op sosjaal en maatskiplik mêd.
Proefkoloanje ynternetferzje
De Maatschappij van Weldadigheid hâldt him op dit stuit benammen dwaande mei it behâld fan it erfgoed yn Frederiksoard. Dêrnjonken wolle se twa saken útdrage: dat der nijsgjirrige histoarje leit yn in prachtich stik natuer tusken trije Nasjonale Parken, en dat dizze histoarje kâns biedt foar in briedplak. By dit lêste krije se stipe fan de provinsje Drinte, en de gemeentes Weststellingwerf, Westerveld en Steenwijkerland.
By de Koloniën van Weldadigheid is yntusken in nij besikerssintrum boud. Der wurdt no wurke om dêryn in belibbingssintrum oan te lizzen. Sa kinne besikers sjen hoe't de earste kolonisten libben en der komme ynteraktive komponinten.

Ferline foar de takomst

De Maatschappij hat neist 650 bunder grûn, 60 pleatsen en huzen yn besit. De helte is monumintaal. "It is in finansjele toer om dat allegearre te ûnderhâlden", seit direkteur Minne Wiersma. "We besykje kreätyf te wêzen mei it tapassen fan nije ideeën op it mêd fan soarch en wenjen en tagelyk knappe we ek fertutearze gebouwen op."
Sa wurdt op it stuit de âlde kuormakkerij ferboud ta 13 apparteminten foar minsken mei autisme. Al 12 jier lyn is ien fan de huzen enerzjyneutraal makke. No wolle se ek huzen hielendal ûnôfhinklik fan de nutsfoarsjennings meitsje. En de túnbouskoalle kin yn de takomst mooglik minsken mei demintens húsfeste, dy't yn de tunen wurk dwaan kinne.

Fersoargingssteat

Allegearre sosjaal-maatskiplike eksperiminten yn de geast fan oprjochter Johannes van den Bosch. Dy hat mei de proefkoloanje de basis lein foar de fersoargingssteat, sa't we dy no kinne. Sa waarden der ferskate saneamde frije koloanjes oanlein yn Fryslân, Drinte en Oerisel. Letter komme dêr ek de net-frije koloanjes, wêrfan't Feanhuzen de bekendste is.
Yn totaal hawwe yn de koloanjes ûngefear 80.000 minsken wenne tusken 1818-1921.
Koloanjes fan Weldadigheid hat in nij museum © Omrop Fryslân