Snelheidsboerd yn Steggerda al nei ien dei poater
In digitaal snelheidsboerd fan de gemeente Weststellingwerf hat mar ien dei stien oan de Leemwei yn Steggerda.
In digitaal snelheidsboerd komt op plakken wêrfan't minsken of pleatslik belangen oanjouwe dat der te hurd riden wurdt. De gemeente hie it boerd woansdei op de Leemwei ophongen. Tongersdei wie it al fuort.
It digitale snelheidsboerd hat in wearde fan sa'n trijetûzen euro. De gemeente hat oanjefte dien by de plysje en freget minsken dy't mear witte fan de stellerij oft se har melde wolle.