Antoinette de Jong nimt foarskot op EK-titel mei winst op 3000 meter
Antoinette de Jong hat, nei de 500 meter, ek de 3000 meter wûn op it EK allround yn Collalbo. Dat die se yn in tiid fan 4.08.07. Dêrmei wie de Rottumse krekt wat flugger as Martina Sábliková út Tsjechië (4.08.22).
Francesca Lollobrigida waard tredde yn 4.11.28. De Italiaanse stiet no twadde yn it klassemint, mei in efterstân fan 2.72 op De Jong op de 1500 meter.
Ireen Wüst begûn yn de lêste rit hurd oan har 3000 meter, mar dat tempo koe se net folhâlde. Uteinlik waard se pas sânde. Sy stiet no tredde yn it algemien klassemint, mei in efterstân fan 4.86 op De Jong.