Ek froulike studinten oan Frjentsjerter universiteit: "Ik viel echt bijna van mijn stoel"

12 jan 2019 - 10:30

Begjin achttjinde iuw studearren twa froulju oan de Frjentsjerter Universiteit. Dat seit direkteur Manon Borst fan Museum Martena yn Frjentsjer. Sy hat it tafallich ûntdutsen, doe't se troch in boek blêde dêr't de nammen fan alle studinten yn steane, dy't ynskreaun stien hawwe oan de Frjentsjerter Universiteit.

Foto: Museum Martena

"Het is zeker een bijzonder ontdekking, die ik toevallig heb ontdekt tijdens het bladeren in de namenlijst", fertelt Manon Borst, direkteur fan Museum Martena yn Frjentsjer.

Borst seach yn it boek de nammen fan Anna Maria Gürtler en har suster Maria Magdalena Gürtler, dy't yn 1708 yn Frjentsjer studearren. It binne dochters fan professor yn de teology Nikolaus Gürtler.

De nammen fan de twa susters falle op, omdat bekend is dat oant 1871 allinne manlju tagong hiene ta Nederlânske universiteiten. De iennichste oant no ta bekende útsûndering op de regel wie Anna Maria van Schurman, dy't yn 1636 studearre oan de Universiteit fan Utrecht.

Manon Borst

Stomverbaasd

"Opeens viel mijn oog op die twee vrouwennamen, ik dacht, dat zie ik niet goed. Dat kan niet, maar het stond er echt. Ik was stomverbaasd, want vrouwen kwamen niet voor op de universiteit. Ik viel echt bijna van mijn stoel."

Nikolaus Gürtler waard yn 1707 oansteld as heechlearaar yn de teology. Hy kaam fan oarsprong út Bazel yn Switserlân. Nei alle gedachten binne it syn twa âldste dochters dy't ynskreaun stiene yn Frjentsjer.

Neier ûndersyk

Dit freget wol om neier ûndersyk. "Ik ben benieuwd naar deze vrouwen. Ik heb hun leeftijd geprobeerd te traceren en ik denk dat ze rond 15 jaar moeten zijn geweest. Dat is een normale leeftijd om naar de universiteit te gaan. Je moest Latijn kennen, want de colleges waren in het Latijn. De meisjes moeten dus ook les in Latijn hebben gehad, misschien heeft hun vader dat bijgebracht. De Latijns school was namelijk niet toegankelijk voor vrouwen."

Yn de oarspronklike Namenlijst der Studenten, dy't te finen is yn de kolleksje fan histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert, binne de twa frouljusnammen trochkrast, mar se binne noch wol te lêzen. Wêrom't se trochkrast binne is net dúdlik. "Waarom weten we niet, dat kan later gebeurd zijn. Alles is giswerk."

Oft de twa froulju ek echt kolleezje folge hawwe, is net mear nei te gean. Der is oant no ta neat bekend oer harren libben. Museum Martena hat it portret fan harren heit Nikolaus yn de kolleksje.

Foto: Museum Martena
(advertinsje)