Miljoenen minsken sjogge Fryske hynders yn metershege snie

11 jan 2019 - 15:00

Wylst tsientallen Fryske hynders har klearmeitsje foar de jierlikse keuring yn it WTC Expo yn Ljouwert, hawwe trije Fryske soartgenoaten de tiid fan har libben yn de metershege snie fan Tirol. En ek de minsken thús genietsje fan de bylden, want it filmke mei de trije Friezen is yntusken al hast fiif miljoen kear besjoen.

Net de 'Stormruiter' mar de 'Sniesurfer'! Sa skriuwt eigener Manuel Klingseisen op syn Facebookside. De Eastenriker is sljocht mei syn hynders, en hy lit se dan ek gauris oan syn folgers sjen troch middel fan ferskate foto's en filmkes.

De metershege snie soarget foar in soad oerlêst foar toeristen en ynwenners, mar it kin de hynders neat skele. En ek Klingseisen sjocht de foardielen wol fan it wite spul. "It is de bêste manier om in hynder wurch te krijen: hast allinnich mar in meter snie nedich!" Sa skriuwt er op syn Facebook.

Gewoanwei wurde de filmkes fan Klingseisen in pear tûzen kear besjoen, mar de hynders hawwe safolle wille yn de snie dat mar leafst fiif miljoen minsken op it filmke fan Klingseisen klikt hawwe.

Trefwurden: 
Facebook Frysk hynder
(advertinsje)
(advertinsje)