Morten Thorsby yn simmer transferfrij nei Sampdoria

11 jan 2019 - 14:42

Morten Thorsby giet nei de simmer fan Sportklup Hearrenfean nei Sampdoria. De Noarske middenfjilder tekenet by de klup út Genua in kontrakt oant en mei it seizoen 2022/2023. It kontrakt dat Thorsby by Hearrenfean hat, rint dizze simmer ôf en dus ûntfangt Hearrenfean gjin transferjild.

Foto: www.orange-pictures.nl

It siet der al oan te kommen dat Thorsby fuortgean soe, want hy gie net mei Hearrenfean mei op trainingskamp nei La Manga. Yn stee dêrfan hie er yn Italië in petear mei Sampdoria, de nûmer 7 fan de Serie A. Dy klup makke freed op de offisjele webside bekend dat Thorsby dêr takom simmer hinne ferhuzet.

Thorsby spilet sûnt 2014 by SC Hearrenfean. Yn 107 kompetysjewedstriden hat er tolve goals makke. Dit jier hat er fiif kear skoard, mar krige er ek al twa kear read.

(advertinsje)