Fiskers sille bergers stypje by it bergen fan konteners op Noardsee

11 jan 2019 - 14:22

De fiskers krije by de berging fan de konteners op de Noardsee in wichtige taak. It Fiskersbûn is troch fertsjintwurdigers fan rederij MSC benadere om de bergingsskippen te begelieden.

Konteners brekke iepen - Foto: Anton Kappers

Mocht der by it bergjen fan in kontener wat misgean, dan kinne de fiskers de rommel dy't út de kontener komt, fuortendaliks opromje. Sa wurdt foarkaam dat de rommel op de boaiem fan de see of op de kust telâne komt.

Alle bergingsskippen krije begelieding fan twa fiskersskippen. De fiskers wikselje inoar ôf. Se meie sels bepale hoe lang't se meifarre. De fiskers wurde betelle troch de rederij fan it kontenerskip MSC Zoe, dat op 1 jannewaris boppe de Waadeilannen 291 konteners ferlear.

De fiskers giene earder oan de slach mei it opromjen fan de rommel yn it wetter. Se binne doe betelle troch it Waadfûns.

(advertinsje)