Antoinette de Jong begjint EK allround mei winst op de 500 meter

Antoinette de Jong hat freedtemiddei ferrassend goud wûn op de 500 meter by it EK allround yn it Italiaanske Collalbo.
Antoinette de Jong © www.orange-pictures.nl
De Jong sette in tiid del fan 39.19. Dêrmei wie sy in stik rapper as har grutte konkurrinte Ireen Wüst, dy't fjirde waard mei in tiid fan 39.72. De Russyske Elizaveta Kazelina waard twadde mei 39.26. It tredde plak wie foar de Italiaanske Francesca Lollobrigida, dy't op It Hearrenfean wennet. Ek foar Lollobrigida wie it in sterke rit. Sy ried in persoanlik rekôr: 39.56.
Letter op freed ride de froulju noch de 3000 meter. It EK allround yn Collalbo duorret noch oant en mei snein.