Freedsmerk: "Wa't leafde prediket, mei sa net oer homo's prate"

"Wa't leafde prediket, mei sa net oer homo's prate. Dat fyn ik freeslik." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk freedtemoarn op de saneamde 'Nashville-ferklearring'.
homo-houlik © Shutterstock.com
Dûmny's mei sizze wat se fine, mar der binne wol grinzen. Jo moatte minsken net kwetse."
klant op Ljouwerter freedsmerk
Ek op de freedsmerk binne benammen negative lûden te hearren oer de wize wêrop't ortodokse kristenen har yn dy ferklearring oer relaasjes en seksualiteit útsprekke. "Nim de Bibel net sa letterlik, dy is ek mar skreaun troch minsken!"
Der wiene ek nuânsen: "Ik leau yn de krêft fan Jezus Kristus, mar ik bin net feroardieljend". En: "Ik fyn it allegearre wol ferfelend, mar dizze ophef is wol hiel grut..." "We libje yn in frij lân, dus meie dy dûmny's sizze wat se fine, mar der binne wol grinzen. Jo moatte minsken net kwetse."
Freedsmerk Nasvilleferklearring