FIDEO: Jurre 495 giet foar tredde titel op rige

11 jan 2019 - 12:52

It binne gouden tiden foar hynstehâlder en fokker Jelmer Chardon fan Jorwert. Syn hynst Eise 489 docht it al in pear jier fantastysk yn de tugerij en wint dêr priis op priis. Mar it pronkstik is Jurre 495 dy't dit jier hopet op de tredde titel op rige by de hynstekeuring fan takom sneon yn Ljouwert. Neffens Chardon is Jurre yn topkondysje. Hy hat der alle betrouwen yn dat de 7-jierrige kampioenshynst ek dit jier wer mei dwaan sil om te haadpriis.

Trefwurden: 
hynstekeuring Jurre Chardon
(advertinsje)