Spesjale stofsûger makket strân Skiermûntseach skjin

Mei in spesjale stofsûger wurdt dizze dagen besocht de plestikkerrels op te romjen dy't oanspield binne op Skiermûntseach. It grûnfersetbedriuw Van der Flier fan Winschoten hat opdracht krigen it strân skjin te meitsjen. Se wolle dat dwaan mei in spesjale sânsûchauto. Dy wurdt no brûkt om sân fuort te heljen fan plakken dêr't it te gefaarlik is om te graven.
© Ineke van Gent
It bedriuw is op it stuit oan it testen wat it bêste wurket. Kor van der Flier: "We hebben hier een boel uitdagingen. Want hoe zorg je ervoor dat je weinig zand opzuigt en juist veel bolletjes? Het is heel erg veel pionieren." It probleem is lykwols dat oan de boltsjes in soad sân fêstplakt sit. Op it strân wurdt no besjoen wat it bêste wurket: "We hebben vandaag een soort van testdag. Dan kunnen we goed bekijken wat we kunnen doen."
Ast se de goede metoade fûn ha wurdt úteinset mei it himmeljen fan it strân. Wannear't dat begjint is noch net krekt dúdlik.