Fryske shorttrackers oerlibje earste foarrondes EK

De Fryske shorttrackers Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Suzanne Schulting hawwe harren pleatst foar de folgjende rondes op de 500 en de 1500 meter. Freedtemoarn wiene de foarrondes. Oan de ein fan de middeis binne de foarrondes fan de 1000 meter en de relay.
Itzhak de Laat op it NK shorttrack yn Thialf © Orange Pictures
Op de koartste ôfstân fan dit Europeesk kampioenskip, de 500 meter, waard Breeuwsma twadde yn syn foarronde en De Laat earste. Datselde jildt foar Schulting, dy't yn de foarronde ûnder oaren Elise Christie efter har hâlde koe.

1500 meter

Op de 1500 meter waarden Breeuwsma en De Laat earste yn harren heats. Dêrmei pleatse se harren foar de heale finale, dy't sneon ferriden wurdt. Dêrby hat benammen Breeuwsma in drege lotting. Hy moat it opnimme tsjin de Hongaarske bruorren Liu, dy't ta de titelfavoriten hearre.
Ek Schulting helle sûnder problemen in plak yn de heale finales. Se wûn har foarronde en moat sneon yn har folgjende ronde ûnder oaren ride tsjin Yara van Kerkhof. De finales sette sneontemiddei om healweis trijen útein.
Suzanne Schulting © www.orange-pictures.nl