Tolve sollisitanten foar boargemaster fan Smellingerlân

11 jan 2019 - 12:10

Tolve minsken ha sollisitearre op de fakatuere fan boargemaster fan Smellingerlân. Derûnder binne njoggen manlju en trije froulju. Kommissaris fan de kening Arno Brok hat nei petearen mei de kandidaten in seleksje makke. De gemeentlike fertrouwenskommisje sil no earst mei de selektearre kandidaten yn petear en ferslach útbringe nei de ried.

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fjouwer fan de kandidaten binne lid fan de VVD en trije fan it CDA. De oare kandidaten binne fan D66 (2) of PvdA (1) of fan gjin inkelde partij (2). Der is mar ien kandidaat jonger as 50 jier. Brok hat nei petearen mei kandidaten in seleksje út de sollisitanten makke.

Ein maart oantrêde

Tongersdei hat Brok hjiroer yn petear west mei de gemeentlike fertrouwenskommisje. Dizze kommisje sil mei de selektearre kandidaten yn petear en ferslach útbringe oan de ried. De ried beslist úteinlik hokker twa kandidaten sy oanbefelle. Brok ferwachtet dat de nije boargemaster ein maart oantrêde kin.

De funksje fan boargemaster yn gemeente Smellingerlân kaam oardel jier lyn frij nei it fuortgean fan boargemaster Tjeerd van Bekkum. Hy gong oan de slach as direkteur fan de stichting Kulturele Haadstêd.

Tom van Mourik folge Van Bekkum tydlik op as waarnimmend boargemaster en bliuwt oant begjin maart oan it roer.

(advertinsje)