Autokreakers strippe djoere auto's op 'e Jouwer fan ynterieur

11 jan 2019 - 11:25

Yn de Jouster wenwyk Skipsleat binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferskate auto's iepenbrutsen. It giet neffens de plysje om auto's fan it merk Mercedes en BMW. Se waarden fan binnen hielendal stript: de stjoeren, airbags en navigaasje waarden der út helle. Om binnen te kommen waard in rútsje ynslein.

Foto: Plysje De Fryske Marren

De eigeners troffen neffens de plysje in ravaazje oan. Earder wiene de ynbrekkers aktyf op 'e Lemmer. Mar ek op It Hearrenfean binne de lêste tiid autokreakers aktyf. Dy ha it benammen foarsjoen op auto's fan Volkswagen.

(advertinsje)