Seis wiken sikehûs foar Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt hat in goeie nacht efter de rêch op de brânwûne-ôfdieling fan it Martini-sikehûs yn Grins. Tongersdei rekke Knegt ferwûne, nei't syn klean yn 'e brân fleagen doe't er besocht de houtkachel oan te stekken. Neffens syn mem, Liesje Knegt, hat er goed sliept. "Hy hie earst wol in soad pine, mar hy hat in goeie nacht hân." It is de ferwachting dat Sjinkie seis wiken yn it sikehûs bliuwe moat. "Dêrnei kinne se nei alle gedachten wat sizze oer hoe't it mei syn herstel komt."
© OrangePictures
Sjinkie hat brânwûnen yn it gesicht, op it boarst, de skonken en syn fuotten. "It is benammen de foarkant dat ferbrând is. Op syn boarst is it as oft hy flink yn de sinne lein hat. Hy hie lokkigernôch in trui oan, dat falt wol ta." Yn syn gesicht hat er benammen plakken op syn foarholle, ûnder syn eagen, op syn noas en op syn earen. Syn fuotten binne der it slimste oan ta. "Dyn binne hielendal ynswachtele. Dat kinne wy fierder ek net sjen."

Herstel

Wat dit foar syn herstel betsjut is noch net dúdlik. De doktoaren hawwe sein dat dit pas oer sa'n fjouwer wiken te sizzen is. "Der sitte benammen earste en twaddegraads brânwûnen op syn foet en se twivelje oft der ek treddegraads brânwûnen by sitte. Miskien in pear plakjes." By treddegraads brânwûnen is herstel meastentiids net mooglik. Mar trochdat de doktoaren hjir no noch neat oer sizze kinne, is it ek net wis oft se oergean op hûdtransplantaasje.
Sjinkie moat sa'n seis wiken yn it sikehûs bliuwe. As de brânwûnen goed herstelle en der komt in koarste op, dan is dat in goed teken. Sa net, dan kin it gean om treddegraads brânwûnen en moatte se eventueel oergean op hûdtransplantaasje. De spieren en senuwen binne fierder net oantaaste.
Argyffoto © Omrop Fryslân
Heit Joost, mem Liesje en de freondinne fan Sjinkie hawwe tongersdei by him yn it sikehûs west. Fenna, syn freondinne, lei op bêd op it momint dat it ûngelok moarns betiid bard.
"Dy hat fansels wol in tikje krigen," fertelt Liesje Knegt. "Op it momint dat se yn de wenkeamer kaam, hie Sjinkie it fjoer yn syn gesicht en op it boarst al út krigen. Se hat doe in panne mei wetter pakt en it fjoer op syn fuotten út krigen." Dêrnei ha se 1-1-2 belle en frege oft hy ûnder de dûs moast. Dat hawwe se doe dien, wêrnei't de traumahelikopter kaam mei in dokter. Dêrnei is hy fuort nei in Martinisikehûs brocht.
Gean mar nei it EK Shorttrack. Ik lis hjir ek mar wat.
Sjinkie Knegt, tsjin syn âlden
"Lokkigernôch hat hy in goeie nacht hân en is it net libbensbedriigjend." Sneon en snein sille Liesje en Joost nei alle gedachten ek nei it EK yn Dordrecht. "Sjinkie sei: gean dêr mar hinne juh. Ik lis hjir ek mar wat. No ja, as hy dat seit is ek wol in goed teken sille we mar sizze, haha."