"Schulting is dé topfavorite foar it EK shorttrack"

11 jan 2019 - 10:00

Suzanne Schulting hat dit seizoen ien grut doel: se wol Europeesk kampioen wurde yn eigen lân. It moat dit wykein har toernoai wurde. Freed set it EK yn Dordrecht útein en it duorret oant 'e mei snein. It is de Wedstriid fan de wike by Omrop Fryslân. Wy freegje in panel fan fjouwer minsken, besteande út shorttrackbûnscoach Jeroen Otter, heit Jan Schulting en kollega-shorttrackers Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, nei de kânsen fan Suzanne.

Hoe wichtich is dit EK foar Suzanne?

Jan Schulting: "Erg belangrijk. Ze wil de beste zijn en dit is een podium om de beste van Europa te kunnen zijn. Dan in eigen huis, wat wil je nog meer? Ze is in vorm en ze heeft er zin in. Dit is een spektakelstuk. Het is in Dordrecht en het is praktisch uitverkocht. Dat zet shorttrack op een ongelofelijke manier op de kaart. Daar als rijder onderdeel van uitmaken, is fantastisch."

Otter: "Dit is het belangrijkste toernooi van het jaar. Het is in Nederland voor eigen publiek, dan is daar Europees kampioen worden het enige dat telt."

Daan Breeuwsma, Jeroen Otter, Itzhak de Laat en Jan Schulting oer Suzanne Schulting - Foto: Omrop Fryslân

Hoe goed is Suzanne op dit stuit?

De Laat: "Als je vier of vijf keer goud wint bij drie wereldbekerwedstrijden, dan ben je heel erg goed."

Breeuwsma: "Ik tink dat se op dit momint de bêste is yn Europa. Ik tink dat se wol lest krije sil fan dy Russyske Sofia Prosvirnova. Dat is it wol, tink ik. Mar, je witte it noait. Je moatte stean bliuwe en gjin fouten meitsje. Dat is it muoilikste yn de sport. Mar, as se docht wat se yn de wrâldbekers ek docht, wurdt it in makje."

Jan Schulting: "Goed, goed genoeg. Misschien is ze nog wel een beetje onder de indruk van het overlijden van haar beppe. Dat speelt onbewust misschien een rol."

Otter: "Hartstikke goed. Maar er zijn twee regels in het shorttrack: blijven staan en niet gediskwalificeerd worden. Dan pas doe je mee om de knikkers. Maar, ze is dé topfavoriet.

Foto: ANP

Wurdt Suzanne Europeesk kampioen?

Jan Schulting: "Ik zeg volmondig ja. Ze is fysiek en mentaal sterk genoeg."

De Laat: "Ze is de absolute titelfavoriet. Als je kijkt hoe ze op de wereldbekers gedomineerd heeft, dat zie je niet vaak in het shorttrack. Want het ligt vaak dichtbij elkaar. Ik denk wel dat ze veel druk krijgt in Dordrecht, maar dat is ook terecht, want ze is de beste dame op dit moment."

Otter: "Daar werken we heel hard voor en daar hebben we keihard voor gewerkt. Ze heeft echt een hele grote kans om Europees kampioen te worden."

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)