Berging oerboard sleine konteners fertrage

11 jan 2019 - 09:36

De berging fan de konteners yn de Waad- en Noardsee dy't fan it skip MSC Zoe fallen binne, hat no al fertraging oprûn. De bergingsoperaasje soe freed begjinne, fanút de haven fan IJmuiden. Mar dat slagget net, seit Rykswettersteat. De tariedingen nimme mear tiid as earder tocht waard.

Foto: Kustwacht Nederland

Der moat ek noch spesjale apparatuer op de skippen ynstallearre wurde, en ek dat kostet tiid. It is goed mooglik dat de bergingsskippen freed de see hielendal net opgean.

(advertinsje)