Begrave bliuwt ûnfermindere populêr yn Burgum en omkriten

11 jan 2019 - 09:11

Begroeven wurde is noch hieltyd ûnfermindere populêr yn Burgum en omkriten. De ferhâlding tusken kremaasje en begraffenis is sa ûngefear heal-om-heal. Dit yn tsjinstelling ta it lanlike byld, dêr't yntusken sa'n 75 persint kiest foar in kremaasje. Dêrtroch is der wol tekoart oan romte op it begraafplak fan Burgum.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Dat betsjut wol dat de druk op it begraafplak by de Krústsjerke heech is en it der driget fol te reitsjen. Dêrom is der in plan makke om út te wreidzjen, it wer yn te rjochtsjen en it op te knappen. Tongersdeitejûn wie der in goed besochte ynformaasjejûn yn de Krústsjerke, dêr't ien fan de plannemakkers, Gerrit Kronemeijer, tekst en útlis joech. Sa wurdt it tsjerkhôf útwreide yn noardlike- en eastlike rjochting.

Net allinnich útwreidzje

Utwreidzje is net de iennige manier dêr't op plak makke wurdt. Bernhard Bos, administrateur fan de Krústsjerke, hat ûndersyk dien nei de grêven. Fan ferskate grêven waard al tweintich jier gjin ûnderhâldskosten mear betelle en ek wiene de neibesteanden net mear te efterheljen.

Bos: "De begraafbehoefte neemt toe, maar de beschikbaarheid neemt af. Dat was een indicatie om te zeggen, 'we moeten kijken naar de bestaande graven waarvan de rechten zijn verlopen of het onderhoud niet meer wordt betaald'. Dan zou het kunnen dat er graven moeten worden geruimd, om op die manier ruimte vrij te maken."

Kronemeijer en Bos oer de plannen yn Burgum

Trefwurden: 
Burgum begraafplak begrave
(advertinsje)