Kollum: Nashville en sa

11 jan 2019 - 07:26

"Yn Nashville hie ik grif in heks west, want ik doch oan astrology, moannefieringen en ik sliep mei stiennen. No is it lang lyn dat ik hjirfoar yn 'e hens stutsen wurde soe, mar de idioaten dy't mienden dat it nedich wie, binne der grif noch. Miskien wol fan itselde kaliber as de lju fan de Nashville-ferklearring. Dy't miene dat God de almachtige is wylst de Bibel harren yndoktrinearre hat mei de meast aparte oertsjûgingen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

Mar je binne wa't je binne. Ast mei astrology dwaande bist, dan komst derefter dat elkenien unyk is en syn eigen paad te gean hat yn it libben. Dochst dat net, dan rinst grif in kear fêst of wurdst hiel ûngelokkich. De iennige wei dy'tst folgje moatst, is dyn eigen. Mei hert en siel.

Miskien dogge de foarstanners fan de Nashville-ferklearring dat ek wol. Ik wit net hoe't it wurket by sokken, want ik ken se net persoanlik. Mar hoe kinst no dyn eigen wei gean ast dy krampeftich fêsthâldst oan hoe't in oar seit datst dyn libben liede moast? Yn dit gefal God, mar ik tink dat wy allegearre godlik binne op ús eigen manier.

Wêr't ik wol begryp foar ha, is it feit dat guon lju fine dat it ús hast oplein wurdt om op immen fan it eigen geslacht te fallen en ik sil besykje dat út te lizzen. Ik ha bygelyks noch nea mei in famke tute, mar op in bepaald momint fielde ik my suver wat âlderwetsk. Want yn 'e media like it wol dat it normaal wie, wylst ik noch nea in frommes tsjinkommen bin dêr't ik sokke gefoelens by hie en ik tute ek net mei manlju dy't my net oanstiene. Dochs lykje gefoelens der yn 'e media bytiden net mear ta te dwaan,

Want it is hip, elkenien docht it mei inoar en oars nimst mar wat ghb of sa. Yn films, searjes, fideoklips, blêden en telefyzjeprogramma's; hjoeddeis makket it allegearre gjin reet mear út en as it sa útkomt dan stekst dêr ek noch mar efkes in bus luchtferfrisser yn foar de 'fun'. En ynienen wiene der gjin manlju en froulju mear, mar wiene wy reizgers. Doe krige ik it gefoel dat it hast net iens normaal mear is om gewoan in man of in frou te wêzen.

Hjoeddeis kinst as famke eins ek net mear planút sizze datst trouwe wolst en mem wurde wolst en sels foar dyn bern soargje wolst. Mar hoefolle famkes soene der stikem noch wol fan dreame? En as in man seit dat er graach in frou ha wol dy't thús by de bern is, dan is de wrâld ek te lyts! Soks wurdt yn 'e media bestimpele as efterlik en efterhelle. Sa besjoen binne der bêst in protte minsken dy't net mear foar har gefoel út doare te kommen, omdat oeral wol wat fan fûn wurdt.

En dat stikje begryp ik fan dy Nashville lju. Meie wy ek útkomme foar itjinge dat wy fine? Ik fyn dat elkenien it rjocht hat om lokkich te wurden op de manier dy't by him past. En ast mei trije manlju en in frou tegearre wenje wolst dan ha ik dêr gjin problemen mei. Mar it gefoel te hawwen dat ús dingen oplein wurde fan út de oertsjûging fan in oar, fyn ik al kwealik. En dat dogge net allinnich de Nashvillers. We dogge it allegearre, mei de media foarop.

Sjoen nei de midsiuwen, giet it al in stik better, mar feroarje sil it neffens my nea. Hy fynt dit en sy fynt dat, mar ik soe no hiel graach myn biezem fine wolle want dy bin 'k al skoften kwyt."

(advertinsje)