Heechste punt nije brânwachtkazerne Surhústerfean berikt

Yn Surhústerfean is tongersdei it berikken fan it heechste punt fan de nije brânwachtkazerne fierd. Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen hat dêrby de brânwachtflagge yn top fan de kazerne yn oanbou hise.
Sirkulêre brânwachtkazerne
De nije kazerne oan de Lauwerswei wurdt boud neffens it prinsipe 'nul op de meter'. Dit betsjut dat it gebou gjin gasoansluting krijt en sa sirkulêr mooglik wurdt. It moat in foarbyld wurde foar oare nije Fryske kazernes.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Ofrûne septimber is der úteinset mei de bou en nei alle gedachten kin de brânwacht de nije post noch foar kommende simmer yn gebrûk nimme. Oant dy tiid sitte se noch yn it pân oan de Badleane, dat troch ferâldering en romtegebrek net mear oan de easken foldocht.
© Brandweer Fryslân
Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Surhústerfean (1)
Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Surhústerfean (2)