Stijn Schaars makket yn Spanje syn rentree by SC Hearrenfean

10 jan 2019 - 21:35

Stijn Schaars hat syn rentree makke by sportklup Hearrenfean. Hy die dat by in oefenwedstrijd yn Spanje tsjin FC Ingolstadt. Schaars, dy't njoggen moannen lyn syn kût- en skynbonke bruts, spile in oere en waard fuort wer de oanfierder fan de ploech. Hearrenfean ferlear de wedstriid mei 4-3.

Stijn Schaars - Foto: Orange-pictures.nl

De oefenwedstrijd gong oer trije dielen fan trije kertier. De earste 90 minuten spile trainer Jan Olde Riekerink mei syn basisspilers. Morten Thorsby is net mei op trainingskamp, omdat hy yn ûnderhanneling is mei Sampdoria. Op it middenfjild spile Olde Riekerink mei Jordy Bruijn, Pelle van Amersfoort en Michel Vlap. Ben Rienstra en Yuki Kobayashi binne de earste twa wedstriden nei de winterstop skorst troch harren reade kaart tsjin NAC Breda en spilen dêrom net by de basisploech.

Nei 46 minuten wiksele de trainer Bruijn foar Schaars. Nei in oere waard syn plak ynnaam troch Rami Hajal. Dizze 17-jierrige spiler kaam ôfrûne simmer nei SC Hearrenfean en waard oernaam fan Falkenbergs út Sweden.

Hearrenfean kaam nei tolve minuten mei 1-0 efter troch in goal fan Diawusie. Michel Vlap makke nei hast in heal oere 1-1. Troch in frije trap fan Arber Zeneli kaam Hearrenfean yn de 71ste minút foar, mar fjouwer minuten foar tiid makke de Nederlanner Charlison Benschop 2-2.

Yn de einfaze like Vlap Hearrenfean nei de oerwinning te sjitten, mar Kutschke kopte yn de allerlêste sekonde fan de earste 90 minuten de 3-3 yn. Hearrenfean wiksele dêrnei tsien spilers. De ploech fan Olde Riekerink wie better yn dy lêste 45 minuten, mar Kutschke makke syn twadde goal en brocht de einstân op 4-3.

Foto: SC Hearrenfean

Hearrenfean is foar in trainingskamp yn La Manga, yn it suden fan Spanje. Freed fljocht de ploech wer werom. Op 20 jannewaris spilet Hearrenfean syn earste wedstriid nei de winterstop tsjin Ajax. Fjouwer dagen letter is Ajax wer de tsjinstanner. Hearrenfean moat dan nei Amsterdam foar de kwartfinale fan de beker.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn (91. Bednarek); Floranus (91. Schmidt), Høegh (91. Hornkamp), Pierie (91. Drkusic), Woudenberg (91. Frederiksen, 121. Van der Heide); Bruijn (46. Schaars, 106. Hajal), Van Amersfoort (91. Kobayashi), Vlap (91. Kongolo); Van Bergen (91. Rojas), Lammers (91. Rienstra), Zeneli (91. Mihaljovic).

SC Hearrenfean - FC Ingolstadt 04 3-4 (1-1, 3-3): 12. Agyemang Diawusie 0-1, 27. Michel Vlap 1-1, 71. Arber Zeneli 2-1, 86. Charlison Benschop 2-2, 89. Vlap 3-2, 90. Stefan Kutschke 3-3, 125. Kutschke 3-4. Gele kaart: Jordy Bruijn (SC Hearrenfean).

(advertinsje)