"Foarstanners sânwinning binne goed foar it debat"

Wa hat dochs de spandoeken foar de sânwinning ophongen, dy't goed in wike lyn yn De Fryske Marren ferskynden? Dat is noch altyd in fraach, dêr't benammen de tsjinstanners fan de sânwinning bot mei dwaande binne. Sy wolle nammentlik graach mei de foarstanners yn petear.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Wy steane iepen foar in petear en fine it ek goed om harren arguminten te hearren", seit Baukje Miedema fan Murns, ien fan de aksjefierders fan it earste oere. "We binne al salang dwaande en oant no ta hearden we eins allinnich de tsjinstanners. Dan driget de diskusje dochs wat te 'ferkokerjen'. Je binne elkoar allinnich mar oan it befêstigjen. Dan is it goed om te witten dat der ek oare arguminten binne."

'Mediageweld fan de tsjinstanners'

Yn de media en by de gearkomsten fan de gemeente wiene it oant no ta allinnich de tsjinstanners dy't harren hearre lieten. Neffens in anonime brief dy't binnenkaam by grootdefryskemarren.nl is dat om't men dochs wat benaud wurdt fan it mediageweld fan de tsjinstanners. Dat soe neffens de briefskriuwers foarstanners fan de sânwinningsplannen ôfskrikke. Miedema fynt dat tige spitich. Neffens har is der neat om bang foar te wêzen.

'It kin allinnich mar helpe'

Jelle Draaier, ien fan de oare tsjinstanners fan de sânwinningsplannen, befêstiget dat. "We wiene wol wat fernuvere oer de spandoeken, mar binne der eins wol wiis mei. It smyt wer publisiteit op en dat kinne we wol brûke. Oer in pear wiken stiet it wer op de aginda fan de gemeenteried en dan kin dit allinnich mar helpe."
Tsjinstanners Jelle Draaier en Baukje Miedema
Net alle foarstanners fan de sânwinning halde harren stil. Sa lit Fedde de Vreeze fan Koudum witte dat hy wol foardielen sjocht yn de komst fan it bedriuw Smals, dat it sânwinningseilantsje foar de kust fan Aldemardum oanlizze moat.
Neffens De Vreeze is dat tige goed nijs foar de fûgels. Hy hat jierren op gaswinningslokaasjes yn de Noardsee wurke en hat sjoen wat dat foar gefolgen hie op de natuer der omhinne. "Je seagen al hiel gau dat fûgels it as skûlplak brûkten. En dat sil ek barre by dat eilantsje fan Smals yn de Iselmar."
De Vreeze mei de kaart fan de Iselmar © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Foarstanner Fedde de Vreeze
Neffens De Vreeze is de Iselmar op it stuit in dreech plak om te wêzen foar de fûgels. It wetter is faak te rûch en in rêstplak is der hast net te finen. "De Iselmar hat hiele rare golven. Koarte, rottige golven. Elke siler wit dat. Fûgels rêste net graach yn golven, want dêr wurde se no krekt wurch fan. En mei hurde wyn is ek it foerazjearjen in probleem. Dat eilantsje foar de sânwinning sil dêrom hiel oantreklik wêze foar de fûgels. Se sille de lijte opsykje achter it eilantsje, mar ek op it eilân sels. As it mar op in goeie wize oanklaaid wurdt."

Posityf lûd

De Vreeze steurde him al langer oan de, neffens him, iensidige diskusje dy't fierd wurdt oer de sânwinning. Hy naam dêrom it beslút om in stik yn te stjoeren nei de lokale krante om ek ris in posityf lûd hearre te litten.
© Age van der Bles
De Vreeze is net benaud foar negative reaksjes fan tsjinstanners. Hy begrypt de beswieren fan guon natuerorganisaasjes, mar fynt wol dat guon tsjinstanners der te fûl yn geane. Neffens De Vreeze is it sân hurd nedich en sille der in soad minsken foardiel by ha. "Der is gjin romte mear foar de nuânse. En sa wurdt it foar riedsleden hast ûnmooglik makke om goed oer de foar- en neidielen nei te tinken en in goeie ôfwaging te meitsjen. Dêrom woe ik no dit lûd hearre litte. Ik bin benijd wat men derfan fynt."