Bûnscoach oer ferwûningen Sjinkie Knegt: "Een ongelooflijke klap"

10 jan 2019 - 19:59

Bûnscoach Jeroen Otter fan de shorttrackers is bot skrokken fan it nijs oer Sjinkie Knegt. De 29-jierrige shorttracker rûn tongersdei slimme brânwûnen op doe't er yn syn hûs yn Bantegea de houtkachel oanstuts. Knegt wurdt op it stuit yn it sikehûs yn Grins behannele.

Foto: ANP

"Dit is het grootste drama dat je als topsporter kan overkomen", fertelt Otter. "Ik ben natuurlijk geen medicus. Maar ik heb me laten informeren dat hij over zijn hele lichaam wel brandwonden heeft. Zowel in zijn gezicht als op zijn voeten en zijn benen."

Benammen syn linkerskonk is der min oan ta. Otter: "Er wordt gesproken over huidtransplantatie. Dat het vreselijk is en een ongelooflijke klap in het gezicht van Sjinkie Knegt en de hele shorttrackgemeenschap en sportliefhebbend Nederland, dat is wel duidelijk".

Triennen yn 'e eagen

Fenna, de frou fan Knegt, ynformearre de bûnscoach tongersdeitemoarn. "Dan krijg je gewoon tranen in je ogen. Het is gewoon vreselijk. Dan zie je echt zo'n kereltje in brand staan", neffens Jeroen Otter.

Bûnscoach Jeroen Otter yn petear mei de NOS

It EK shorttrack yn Dordrecht set freed útein; dêr dogge de Nederlânske shorttrackers fansels ek oan mei, mar sûnder Sjinkie Knegt. Otter moast it minne nijs oan syn teamgenoaten fertelle. "Er was gewoon sprake van een grafstemming. Je kon een speld horen vallen. Of beter, je kon de tranen horen vallen op de marmeren vloer."

(advertinsje)