UNIS Flyers teloarsteld nei útskeakeling: "We komen scorend vermogen tekort"

10 jan 2019 - 18:23

De kater is grut by UNIS Flyers, nei't de iishockeyers woansdei út it bekertoernoai knikkere waarden troch de Devils út Nijmegen. Yn de Elfstedenhal yn Ljouwert wûnen de gasten it trochslachjaande tredde duel mei 3-1. Dêrmei kaam de stân yn dizze bêste-fan-trije searje yn de heale finale fan de beker op 2-1 foar Nijmegen.

Yn alle trije duels wie sprake fan in oerwicht mei in soad kânsen foar de Flyers, mar de Devils giene der dus úteinlik mei de winst fan troch. De Flyers wûnen de earste wedstriid tsjin Nijmegen mei 4-3. It twadde duel einige yn 2-2, mar yn de ferlinging pakte Nijmegen de winst.

Yn it tredde en beslissende duel fan dizze heale finale wûn Nijmegen mei 3-1. De Flyers skeaten hast 60 kear op 'e goal, wylst de Nijmegenaren goed 20 kear ta in skot kamen. Mar troch in folle heger rendemint is Nijmegen Devils troch nei de bekerfinale. Dy wurdt spile op snein 3 febrewaris yn Den Haag tsjin titelferdigener HIJS Hokij.

Marco Postma fan UNIS Flyers is swier teloarsteld, mar hat wol in idee wêr't it misgien is. "Ik denk dat wij over drie wedstrijden de betere waren, maar wij komen gewoon scorend vermogen tekort op dit moment. Het zijn allemaal close wedstrijden en als je maar één doelpunt maakt thuis, dat is gewoon te weinig. Daar kun je gewoon geen wedstrijd mee winnen."

Marco Postma fan UNIS Flyers oer it ferlies

(advertinsje)