In Iepen Hert ôflevering 4: de operaasje

10 jan 2019 - 17:46

Omrop Fryslân nimt yn de rige 'In Iepen Hert' sjoggers mei nei ien fan de bêste hertsintra fan Nederlân: it Hartcentrum Friesland. Yn fjouwer ôfleveringen folgje wy Klaas van der Meer as hy in nije hertklep krijt en no is it dan safier. Sjirurch John Bol Raap hat him taret op de fjouwer oeren duorjende operaasje en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda begeliedt Klaas en syn frou Baukje by it hiele proses. Klaas is net senuweftich seit er, mar syn frou hat dochs wat minne nachten hân.

Ek foar de makkers fan de rige wie de operaasje tige spannend. "De earste kear dat ik in klopjend hert yn in boarst lizzen seach, sil ik net gau ferjitte," seit ferslachjouwer Arjen Bosselaar oer it momint fan de operaasje dat it measte yndruk makke hat. Foar him wie it de earste kear dat hy soks dwaan mocht en ek foar Omrop Fryslân wie it filmjen fan in iepenhertoperaasje in unyk projekt. En dat is net samar klear. De tarieding foar de rige hat hast in jier duorre.

"Doe't ik sels troch de buroredaksje frege waard oft ik de searje meitsje woe, ha ik der wol efkes oer neitinke moatten. It is net in ûnderwerp dat tichtby my stiet. Uteinlik ha ik dochs 'ja' sein. Ik fyn it moai om ferhalen te fertellen. Wat is der dan moaier as in ferhaal oer libben en dea?"

Op syk nei in pasjint

"Foaral it sykjen nei de pasjint gong dreech. Net elkenien is geskikt om te folgjen tidens in operaasje. De sjirurch wol fansels ek net it risiko nimme dat de operaasje net goed giet", fertelt Bosselaar. "Boppedat binne der fansels ek in soad minsken dy't harren op telefyzje net sa kwetsber opstelle wolle, wat hiel goed te begripen is."

Begjin oktober wie it dan safier. Sjirurch John Bol Raap hie de juste pasjint fûn en frege oft Omrop Fryslân him folgje mocht. De 85-jierrige Klaas van der Meer út Menaam woe meiwurkje. Bosselaar: "Op dat stuit hie de buroredaksje al in pear kear yn it sikehûs west om te sjen wat wy wol dwaan mochten en wat net. Wêr't de kameraman wol komme mei en wêr net. It hiele plan lei al klear."

De operaasje fûn betiid plak. Om sân oere moarns wiene ferslachjouwer Arjen Bosselaar en kameraman Abe Visser wolkom by it sikehûs. "Ik hie in stevich moarnsbrochje hân. Alles om foar te kommen dat ik der by delfalle soe."

"Foar de operaasje binne wy yn de operaasjeklean stutsen. Ek moasten wy ús hielendal ûntsmette. Fierder krigen wy in mûlekapke foar en in hiernetsje op." Dêrnei wiene beide ferslachjouwers al op de operaasjekeamer oanwêzich doe't Van der Meer nei binnen brocht waard. "Hy wie doe noch wekker. Dat is wol in frjemd momint. Ik hie him doe al in tydsje folge, en hie it gefoel dat ik him persoanlik koe. Dan is it frjemd om te sjen hoe't se him in sliep bringe."

In bluodderich wurkje

Om him goed ta te rêden op de operaasje mocht Bosselaar in kear earder by in iepenhertoperaasje sjen. "Dat wie makke behoarlik yndruk. Ik hie tocht dat ik in bytsje oan de sydkant fan de operaasjekeamer meisjen mocht, mar ik stie der mei de noas op."

Mar neist dat it in soad yndruk makke, wie it bytiden ek smoarch: "In operaasje, seker sa'n swiere as in iepenhertoperaasje, is fansels net neat. It is in bluodderich wurkje. Ast dêr net oer kinst, hast as ferslachjouwer in probleem."

It bloed wie net it iennichste dat bot yndruk makke. "Oan it begjin fan de operaasje wurdt it boarst iepen seage. Dat bart mei in hoop kabaal, krekt as stiet dyn heit yn it hok in steapel planken troch te seagjen. Dat komt wol efkes binnen. De boarstbonke begjint dêrnei te blieden. Om dat tsjin te gean brâne se dat ticht. De lucht dy't dêrby frijkomt, ha ik noch hieltyd yn de noas as ik deroan werom tink. Alles mei-inoar in hiel bysûnder projekt."

Hoe is it no mei de haadrolspilers út In Iepen Hert?

Yn Fryslân Hjoed sieten alle trije haadpersoanen fan de rige oan tafel om nei te praten oer de operaasje. Pasjint Klaas van der Meer, sjirurch John Bol Raap en ferpleechkundige Eelkje Strikwerda seagen werom op In Iepen Hert.

(advertinsje)