Wurk oan feiliger iishockeyhal fan Thialf rint neffens skema

10 jan 2019 - 17:40

Yn de iishockeyhal fan iisstadion Thialf wurdt op it stuit hurd wurke oan de dakkonstruksje. De iishockeyhal waard op 6 desimber sluten troch boargemaster Tjeerd van der Zwan om't de konstruksje net langer feilich wie.

Wurk oan de iishockeyhal...

De kommende dagen wurde der grutte stegers boud, sadat de meiwurkers fan oannimmer Van Wijnen by it dak komme kinne. De houten spanten wurde mei-inoar ferbûn en der komme stielen wynferbannen dy't it dak sterker meitsje.

Alles moat op maat makke wurde. Dochs hat Thialf-direkteur Marc Winters gjin noed dat de weriepening fan de hal op 1 febrewaris net helle wurdt. It iis yn de hal bliuwt ûnder it wurk lizzen. Der binne grutte matten op lein om it iis te beskermjen en foar de feilichheid fan de bouwers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)