Ljussemer (43) mishannelet styfsoan en krijt wurkstraf

10 jan 2019 - 17:08

In 43-jierrige man út Ljussens is tongersdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan santich oeren. Hy hat syn styfsoan mishannele en ek bedrige er syn partner. Fan syn wurkstraf binne tweintich oeren ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljussemer hat op 9 july yn Dokkum syn styfsoan mishannele. Hy hie spul mei syn freondinne en dat rûn út de hân. In moanne letter hat de fertochte syn freondinne bedrige. De man stie bûten de wenning en soe drige hawwe de ruten yn te smiten.

Earder feroardiele

De man is earder feroardiele foar húslik geweld. De plysjerjochter advisearre de fertochte om ris te sjen wêr't syn lilkens weikomt. "Ik denk dat u zich daar zorgen om moet maken", neffens de rjochter.

(advertinsje)