Sjinkie Knegt mei swiere brânwûnen nei it sikehûs yn Grins

10 jan 2019 - 16:58

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is tongersdeitemoarn ferwûne rekke en leit op it stuit yn it sikehûs fan Grins. Knegt besocht tongersdeitemoarn syn houtkachel oan te stekken, mar dat gie flink mis. De klean fan de shorttrackkampioen fleagen yn 'e brân en hy hat earnstige brânwûnen oprûn.

Foto: OrangePictures

Syn frou trof him yn de wenkeamer oan en belle it alarmnûmer. Knegt is dêrop mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter waard ek oproppen, mar dy hoegde fierders net yn aksje te kommen. Benammen syn linkerfoet is earnstich ferwûne rekke. Yn totaal is 28 persint fan syn lichem ferbrând.

Heftruckûngelok

De shorttracker rekke yn desimber al ferwûne troch in ûngelok mei in heftruck. Dêrtroch docht de rider dit wykein net mei oan it EK shorttrack yn Dordrecht. Dêr soe er syn Europeeske titel ferdigenje.

(advertinsje)