Rykswettersteat begjint mei baggerwurk foar koartere boatreis nei It Amelân
Rykswettersteat begjint kommende wike mei it útbaggerjen fan in stik fan de fargeul tusken Holwert en It Amelân. Mei dy yngreep wurdt in bocht ôfsnien, wêrtroch't de fearboat aanst fjouwer oant seis minuten koarter ûnderweis is. It wurk moat binne trije moannen klear wêze.
De fearboat tusken It Amelân en de fêste wâl hat al skoften te krijen mei fertragingen. De gemeente Amelân, rederij Wagenborg en Rykswettersteat ha dêrom mei elkoar maatregels ôfpraat om dêr wat oan te dwaan. Ien dêrfan is it ôfsnijen fan dy bocht, yn de Vloedgeul. Dat is in lokaasje dêr't him troch natuerlike prosessen al in geul ûntwikkele hat. It ôfsnijen fan de bocht betsjut net allinne in koartere fartiid, der is dêrnei ek minder baggerûnderhâld nedich.
Mjitprogramma
Kommende moanne begjint ek in mjitprogramma. Dêrmei wurde de gefolgen fan it wurk oan de fargeul en it baggerwurk yn de gaten hâlden. Dat ûndersyk wurdt de kommende jierren werhelle.
Advys
De gemeenten Amelân en Noardeast-Fryslân, de provinsje en Rykswettersteat wurkje ek oan in langetermynfyzje foar de farferbining nei It Amelân. Ein dit jier moat der in advys mei foarkarsfarianten lizze, foar minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.