Grutskalige berging konteners Noardsee set útein

10 jan 2019 - 15:57

De berging fan de seekonteners yn de Noardsee stiet op it punt fan begjinnen. Ferline wike sloegen de konteners oer board fan it skip MCS Zoe. Yn opdracht fan rederij MSC wurde twa grutte bergingskippen en in lytser bergingsskip ynset by it bergjen fan de konteners boppe de Waadeilannen.

Foto: André Borsch

It earste grutte skip is tongersdeitemoarn oankaam yn IJmuiden en sil freed nei it gebiet dêr't de konteners fûn binne. Earst sil de Eemsgeul frij makke wurde sadat dit wetter wer beskikber is foar de skipfeart. Dêrnei sille de bergingsskippen nei de fargeul boppe de Waadeilannen.

It twadde grutte bergingsskip set dit wykein útein as dit nedich is, bygelyks by min waar. By it bergjen fan de konteners wurde ûnderwetterkamera's brûkt. Der bliuwe ek skippen nei konteners sykjen dy't noch net fûn binne. Dêrby brûkt Rykswettersteat sonarynstallaasjes.

Berging fan konteners

Oant no ta binne sân konteners út it wetter helle. Rykswettersteat bepaalt de betingsten en prioriteit wêrûnder't de berging fan de konteners plakfynt. Sa wurdt der bygelyks rekken hâlden mei de ekologyske omstannichheden en de feilichheid fan de bergers.

Om't in grut part fan de konteners op de seeboaiem fan in drokke fargeul leit, is it bergjen fan de konteners neffens Rykswettersteat kompleks. De Kustwacht sil regelmjittich ynspeksjeflechten útfiere om ôffal en konteners te lokalisearjen.

Hoe gau de berging fan alle konteners dien is, is ôfhinklik fan ûnder oare it waar, de skipfeartyntinsiteit, it sicht ûnder wetter, it tij en de lizzing fan de konteners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)