Hoe stiet it derfoar mei de wegebelesting yn Fryslân foar 2019?

10 jan 2019 - 15:45

It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) komt tongersdei mei sifers nei bûten oer de wegebelesting yn 2019. Yn totaal wurdt der yn it nije jier hast 200 miljoen euro mear ophelle as yn 2018.

Foto: SR Fotografie

De wegebelesting (of offisjeel 'motorrijtuigenbelasting') bestiet út twa parten. Ien part dat troch it Ryk heft wurdt en in part dat troch de provinsje bepaald wurde mei; de provinsjale opsinten. It Ryk ferwachtet yn 2019 3.5% mear wegebelesting op te heljen. It taryf wurdt ferhege, mar ek it tal auto's yn Nederlân nimt ta, wêrtroch't der mear ynkomsten ferwachte wurde.

De measte provinsjes ferheegje de opsinten net. Allinnich Seelân, Grinslân, Flevolân en Fryslân dogge dat wol. It CBS jout it foarbyld fan in benzine-auto yn de klasse 1151-1250 kilo. Dat is bygelyks in Volkswagen Golf of in Skoda Octavia. In Fryske eigener fan sa'n auto betelle yn 2018 noch 552 euro yn it jier, mar sil yn 2019 560 euro kwyt wêze. It liket in lyts bedrach, mar Fryslân is dêrmei wol ien fan de provinsjes dy't de priis it measte omheech docht. Allinnich yn Seelân is dy belesting noch hurder omheech gien.

Yn de grafyk is te sjen hoefolle de priis prosintueel sjoen foar benzine-auto's omheech giet.

Foto: Omrop Fryslân

De wegebelesting yn Fryslân giet safolle omheech om't de provinsje de opsinten ferhege hat. Yn Seelân bart dat ek. Dêr docht de provinsje it om 'de begrutting op oarder te krijen nei in finansjele tsjinfaller', sa seit it CBS.

Ynflaasjekorreksje

Neffens Sander de Rouwe, deputearre foar it CDA yn Fryslân, is de ferheging allinnich in ynflaasjekorreksje. Boppedat, sa seit er, is it taryf fan de wegebelesting yn ús provinsje tsjinwurdich tige leech. Oant en mei 2015 hie Fryslân ien fan de heechste opsinten fan it lân.

Sûnt 2016 is der in regeling fan krêft wêrmei't de provinsje alle jierren 20 miljoen euro ynset foar belestingferleging. Hjirtroch is Fryslân ien fan de goedkeapste provinsjes wurden. Dy regeling einiget nei 2019, mar neffens De Rouwe binne der yntusken plannen om fan 2020 ôf 10 miljoen euro yn it jier yn de ferleging fan wegebelesting te ynvestearjen.

Trefwurden: 
CBS wegebelesting opsinten
(Advertinsje)
(Advertinsje)