Tinten Groep wurdt nije organisaasje foar wolwêzen yn gemeente De Fryske Marren

Stichting Tinten Groep hat fan gemeente De Fryske Marren de taak krigen om yn de gemeente foar it wolwêzen te soargjen. Yn oparbeidzjen mei ynwenners, ferieningen en (frijwilligers)-organisaasjes hat de gemeente nije doelen steld foar it wolwêzen. It oanbod, de kwaliteit fan de tsjinstferliening en de fyzje fan de Tinten Groep slút dêr neffens de gemeente it bêste op oan. De Tinten Groep set op 1 septimber fan dit jier útein.
Tinten Groep © Omrop Fryslân
It kommende healjier sil de gemeente mei de organisaasje foar wolwêzen wurkje oan in oergong fan meiwurkers en aktiviteiten. Ek wurde de lokaasje fan de organisaasjes dy't it wolwêzen no oanbiede, sa as Miks Welzijn, Timpaan Welzijn en Van der Holst Coaching, oerdroegen oan de Tinten Groep.
De start fan de Tinten Groep betsjut net dat de ynwenners te meitsjen krije mei allegearre nije gesichten. De meiwurkers fan de organisaasje dy't no it wolwêzenswurk dogge, krije de kâns om in oerstap te meitsjen nei in fergelykbere funksje by De Tinten Groep.

Meitinke oer de takomst fan it wolwêzenswurk

De nije organisaasje foar wolwêzen moat in bydrage leverje oan de tagonklikheid fan basisfoarsjennings dêr't ynwenners sûnder tuskenkomst fan de gemeente terjochte kinne. Fierder moat de organisaasje soargje foar aktuele ynformaasje op it mêd fan wolwêzen, frijwilligerswurk en mantelsoarch.