It wie ferline jier in topjier foar de earrebarre yn ús provinsje

10 jan 2019 - 14:52

"Wy hawwe yn ús lange jierren noch nea sa'n goed jier hân as 2018." Dat seit Haye Folkerstsma, foarsitter fan de stichting It Eibertshiem. Dat 2018 sa'n goed jier wie foar de earrebarre, kaam troch it waar. "Wy hawwe in moaie simmer hân, wêrtroch't der genôch te iten wie foar de earrebarren."

2018 topjier foar Earrebarre

Yn Beetstersweach wiene it ôfrûne jier mear as hûndert jongen. Dat is lykwols gjin útsûndering, want op hieltyd mear plakken komme de bysûndere swart-wite fûgels foar. Bygelyks yn Offenwier dêr't yn 2018 foar it earst in earrebarre bret hat.

Folkertsma is al jierren dwaande om de populaasje fan earrebarren omheech te bringen. Yn de jierren santich ha der meardere jierren west, dat der hielendal gjin earrebarre yn Fryslân foarkaam. Mei in spesjaal fokprogramma is de klassike bertefûgel suksesfol werom brocht yn de Fryske natuer.

Trefwurden: 
earrebarre Eiberthiem 2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)