Nijhuzum giet ek nei 2018 troch mei de beleefrûte

10 jan 2019 - 14:31

It doarp Nijhuzum woe himsels graach op 'e kaart sette en dat is slagge. It doarp sil dêrom trochgean mei de beleefrûte fan 2018.

Foto: Nijhuizum Beleefdorp 2018

It idee foar in beleefrûte ûntstie omdat it doarpke yn Súdwest-Fryslân fan goed 40 ynwenners, net hiel bekend is. De minsken dy't der wol komme, witte faak it paad net en ferdwale. Fandêr dat de bewenners foar it Kulturele Haadstêdjier de beleefrûte betochten.

Alle moannen wie der in spesjale aktiviteit en oan de rûte wie fan alles te sjen. Fanút de toeristen en de ynwenners is der entûsjast reagearre. Fandêr dat doarpsbelang besluten hat fierder te gean yn 2019. Net op deselde skaal as ferline jier, want it moat ek te dwaan wêze foar de frijwilligers. Sa seit Roelof Fopma fan doarpsbelang Nijhuzum.

Trefwurden: 
LF2018 Beleefdoarp Nijhuzum
(Advertinsje)
(Advertinsje)