Minister: kontenerdrama kin ekologyske ramp wurde

10 jan 2019 - 13:53

"Ik maak me zorgen over de kleine stukjes" Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sjocht tongersdei dat de frijwilligers en eilanners yn de ôfrûne wike in soad wurk ferset hawwe, nei it kontenerdrama, mar dat der ek noch in soad te dwaan is. "Het zou een ecologische ramp kunnen worden."

Minister: kontenerdrama kin ekologyske ramp wurde

Goed in wike nei it drama mei de konteners fan de MSC Zoe liket it alwer in stik skjinner op de eilannen. Benammen troch de ynset fan hûnderten frijwilligers, en op Skiermûntseach ek it leger. "Ik ben helemaal verbaasd over hoeveel werk hier verricht is," sa seit de minister. "Heel veel complimenten voor alle vrijwilligers, eilanders en iedereen die zich hiervoor heeft ingezet."

Foto: Omrop Fryslân

Yn de ôfrûne dagen kaam der ek krityk los op de oerheid, en dan benammen oer it útbliuwen fan sintrale koördinaasje. Minister Van Nieuwenhuizen jout lykwols oan dat dit net har departemint is, mar dat der wol nei sjoen wurde moat. "Ik denk dat het goed is dat als dit eenmaal voorbij is, dat we dan evalueren, en dat we dan kijken waar dingen beter kunnen."

Brânbrief

De brânbrief fan de boargemasters is tongersdei ek oerlange oan de minister. Hjiryn wurdt in oprop dien oan it regear om foarfallen lykas it drama mei de konteners, tenei itselde te behanneljen as in oaljeramp. Ek skriuwe de boargemasters hjiryn dat der mear tafersjoch komme moat op kontenerskippen lykas de MSC Zoe. De minister jout oan dat se in goed petear mei de boargemasters hân hat oer it ûnderwerp.

Neffens Van Nieuwenhuizen moat der lykwols earst goed ûndersyk dien wurde, nei hoe't dit barre koe. "Afhankelijk van wat daar uitkomt kun je het beste internationaal met je vuist op tafel slaan, en zeggen 'dit moet anders!'"

(Advertinsje)
(Advertinsje)