Nije sporthal Burgum krijt foarm: ynfojûn moat lêste fragen weinimme

10 jan 2019 - 13:06

Op in ynformaasjejûn oer de nije Burgumer sporthal koene belanghawwers woansdei de lêste fragen stelle oan politisy, it boargerinisjatyf en bygelyks de arsjitekt. Op 14 febrewaris stimt de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel oer de plannen dy't dan op tafel lizze. De jûn waard drok besocht, wat foarsitter Piet Herder fan it boargerinisjatyf goed sinde: "No kinne de belutsenen noch fan harren hearre litte, dus we binne bliid dat se dat manmachtich dogge."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Der wurdt no sa'n oardel jier oer in nije sporthal praten. Doe't de âlde yn oktober 2016 ôfbrânde, wie dat ek it startsein om der drokker mei oan it wurk te gean. In boargerinisjatyf ûntstie, mei seis minsken dy't harren belutsen fielden by de komst fan de sporthal. Der waard neigien wat de winsken wiene fan de sportklups dy't fan de âlde sporthal gebrûk makken, mar ek fan potinsjele nije brûkers. No is der foar it earst in plattegrûn makke dêr't alle plannen yn meinaam binne.

Der wiene ferskate lûden fan minsken dy't harren net fine koene yn de plattegrûn, of dy't fragen hiene oer hoe't alles ta stân komt. Sa soene der te min tribuneplakken wêze en soe de hal foar de ritmyske gymnastykferiening te leech wêze. Ek falt de bou tagelyk mei de ferbouwing fan it azc dat dêrneist leit.

Der moat no sjoen wurde oft alle minsken yn 'e mjitte kaam wurde kinne, mar Herder sjocht it posityf yn: "We hawwe al mei alle minsken praat. Dizze jûn wie foaral foar elkenien om te sjen oft de ideeën dy't sy hiene ek yn de plannen sitte. No hawwe we it noch even oan tiid om der kritysk nei te sjen en de plannen hjir en dêr by te skaven."

Piet Herder yn petear mei ferslachjouwer Jeroen Boersma

Trefwurden: 
Burgum sporthal Westermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)