Der komt definityf in ûndersyk fan de Onderzoeksraad nei de kontenerramp
De Onderzoeksraad voor Veiligheid set definityf útein mei in ûndersyk nei de kontenerramp mei de MSC Zoe. De Rie sil him hjirby benammen rjochtsje op de gefolgen fan it ûngelok, de lokale sitewaasje yn it Nederlânske Waadgebiet en de farrûte fan it skip. Dat makke de Onderzoeksraad tongersdei oan it begjin fan de middei bekend.
De MSC Zoe fart ûnder de flagge fan Panama, dat ek ûndersyk docht nei de oarsaak fan it foarfal en de sitewaasje oan board fan it skip. De Onderzoeksraad voor Veiligheid sil mei de Rie út Panama gearwurkje by it ûndersyk.