NAM wurket massaal om fersmoarge grûn It Amelân fuort te heljen

De NAM wurket massaal om de fersmoarge grûn by de âlde boarlokaasje op It Amelân fuort te heljen. Dat meldt terreinopsichter Richardt Kiewiet op Twitter. Hy is bypraat troch de NAM dy't him witte litten hat dat 80 oant 90 prosint fan de eventuele fersmoarge grûn der noch leit en op it stuit ôffierd wurdt.
NAM-lokaasje by Hollum foar de stoarm © Google Maps
Yn de grûn is gjin radio-aktyf materiaal oantroffen. Wol binne der lytse bytsjes boarspielsel fan 50 jier lyn fuortspield.